Pilar Mata Dupont & Erika Roux
Crisis Meeting (Lowland Melodies) fan Pilar Mata Dupont en Erika Roux is in twalûk fan foto’s keppele oan harren fideo-ynstallaasje Lowland Melodies, a Polder Western, dêr’t Nederlân yn ferbylde wurdt as hjoeddeisk Western dat te kampen hat mei stigende seeën. It twalûk ferbyldet de fall-out fan in fiktive boardroom pitch troch de marketingôfdieling fan Rijkswaterstaat. De sêne wurdt ferljochte mei de gouden gloede fan “Hollands licht”. It wurk befreget de nasjonale myte fan Nederlân as in lân dat stadich mar wis útwreide is troch iuwenlang lân te winnen op de Noardsee. Crisis Meeting (Lowland Melodies) beljochtet de komplekse ynfrastruktuer en de ferskillende machtssystemen achter wetter (wan)behear. En ûndersiket de útdagingen fan it ûntsnappen oan in âld systeem yn it ljocht fan klimaatferoaring.
Pilar Mata Dupont is in byldzjend keunstner en filmmakker dy’t wennet en wurket yn Rotterdam. Se studearre yn 2016 ôf oan it Dutch Art Institute. Har wurk waard tentoansteld by ûnder oare RADIUS, Delft, Secession, Wenen, de Art Gallery of New South Wales, Sydney, en yn it Seoul Museum of Art, Seoul.
Erika Roux is byldzjend keunstner en filmmakker út Amsterdam. Se studearre oan de Gerrit Rietveld Academie yn Amsterdam en it Piet Zwart Instituut yn Rotterdam. Har wurk waard tentoansteld by ûnder oare RADIUS, Delft, A Tale of a Tub, Rotterdam, Tensta Kunsthall, Stockholm, en Beursschouwburg, Brussel.