Sfear fan Ynset
10 o/m 13 septimber 2015
Keunsthûs SYB presintearre fan 10 o/m 13 septimber 2015 de earste edysje fan in om de trije jier weromkommend festival foar byldzjende keunst: de Triënnale fan Beetstersweach. Op tsien histoaryske lokaasjes kinst fjouwer dagen lang sjen nei keunst, live performances, meidwaan oan aktiviteiten, lústerje nei lêzingen en muzyk, keunstners moetsje, kuierje, en fansels lekker ite en drinke, wylsto genietest fan de hjerstsinne en de kleurepracht fan de boskrike omjouwing fan de gemeente Opsterlân.
Foar de triënnale bringt SYB keunstwurken werom nei it doarp dêr’t se oait ûntstien binne. It giet om keunstwurken dy’t yn de ôfrûne fyftjin jier berne binne yn Beetstersweach, mar op in oar plak ta waaksdom kommen binne. SYB freget de keunstners werom te kearen nei Fryslân en har mei harren wurk opnij te ferhâlden ta it doarp en de omlizzende natuer, as ûnderdiel fan in keunsteparkoers dat alle dagen wat oars te bieden hat.
Wat de selektearre keunstners meielkoar mien hawwe, is in fassinaasje foar dy eleminten út it lânskip dy’t sterk ferbûn binne mei ús kultuer; mei it patroan fan minsklike aktiviteit en de symboalyske struktueren en rituelen dy’t betsjutting jouwe oan ús maatskippij. Sfear fan Ynset belooft dêrmei net allinnich in iepen en frisse kyk op it lânskip fan Beetstersweach en de gemeente Opsterlân, mar ûndersiket yn dy ‘sfear’ de ferhâldingen tusken beskaving en aard, en tusken it lokale en it universele. Sfear fan Ynset stiet dan ek bol fan artistike aktiviteit en enerzjy.
Keunstners: Melanie Bonajo & Emmeline de Mooij, Walter van Broekhuizen & Arjen de Leeuw, Alexandra Duvekot & Sara Bjarland, Noa Giniger & Shana Moulton, Jasper Griepink, Francesca Grilli, Rumiko Hagiwara & Mounira Al Solh, Tina Helen & Søren Thilo Funder, Tom Kok, Sjoerd van Leeuwen & Harald den Breejen, Erica van Loon, Pernille Lonstrup, Domenico Mangano, Rory Pilgrim, Pieter Paul Pothoven, Rosalie Ravensteijn, Savage, Bas Schevers & Hedwig Houben, Lieke Snellen, Ronald van Tienhoven & Laurence Aëgerter, Edward Clydesdale Thomson & Sjoerd Westbroek & Frans-Willem Korsten, Ruth Verraes, Nina Yuen, Rieke Vos yn gearwurking mei Eric Giraudet de Boudemange, Ilke Gers, Frank Koolen & Kasper Jacobs.