Antonio de la Hera & Honey Jones-Hughes
Yn harren ûndersyksperioade by SYB giene Honey Jones-Hughes en Antonio de la Hera in dialooch oan mei boeren, fiedselprodusinten en it lânskip fan Fryslân, wêrby’t se de kompleksiteit en alsidigens fan dekgewaaksen ûndersochten. Dit binne gewaaksen dy’t ferboud wurde om de sûnens fan de boaiem te ferbetterjen, faak troch spesifike planten te selektearjen dy’t foldogge oan it ferlet fan it lân. Moster is in faak foarkommend dekgewaaks dat yn Nederlân siedde wurdt en faak brûkt wurdt yn ôfwikseling mei weet en ierappels. De lokale oanwêzigens fan moster – likegoedyn kultuer as fysyk yn it fjild – is wichtich om better te begripen hoe’t dekgewaaksen funksjonearje yn belied en yn de praktyk, en wat harren rol is yn duorsume lânbou. Mei Planting Mustard (something like a report) dogge Honey en Antonio ferslach oan Keunsthûs SYB, it hûs dat harren ûnderdak bea yn de tiid fan harren ûndersyk nei dekgewaaksen en it hjoeddeistige gebrûk fan moster yn de regio. Foar It hûs is net ien stjoerdende keunstners in brief nei Keunsthûs SYB mei ûndersyksfragminten út harren petearen mei minsken dy’t yn de regio wenje en wurkje.
Honey Jones-Hughes is in keunstner út Wales dy’t yn Rotterdam wennet. Se is ôfstudearre oan it Piet Zwart Institute en de Glasgow School of Art. Antonio de la Hera is in sosjaal keunstner en argivaris fêstige yn Rotterdam. Hy foltôge in MA yn Critical Writing oan de RCA yn Londen. Harren wurk is tentoansteld by ûnder oare Kunstverein, Amsterdam, TENT, Rotterdam en VHDG, Ljouwert.