Charlotte Eta Mumm

Grunn en Reason is in kolleksje keramyk makke fan natuerlike materialen dy’t Charlotte Eta Mumm sammele yn de tiid fan har residinsje by Keunsthûs SYB. Feangrûn, sân, ikebast en hynstedong út it Fryske lânskip waarden mingd yn ferskillende soarten glazuer, en dêrnei brûkt om de boarden en kommen te glazuerjen. De titel ferwiist nei it Dútske wurd “Grund”, dat likegoed ierde as reden en fûnemint betsjut. Dizze dûbelsinnigens fertsjintwurdiget in wichtige tinkline yn Charlotte har wurkproses. Foar it glazuerjen bringt se ek tekeningen en teksten oan yn de klaai. Dizze ferhalen komme út in persoanlike hânlinelêzing wei dy’t se bywenne. Troch dy ta te heakjen en te glazuerjen mei de pleatslike ierde, stelt se foar te graven nei in djipper begryp.
De praktyk fan Charlotte beweecht him tusken abstrakt en represintatyf, wêrby’t se de oanwêzigens fan dingen, perspektiven en de romte befreget. Se wurket mei ferskillende media en materialen, lykas tekenjen, byldhouwen, klaai en keramyk.

Charlotte Eta Mumm wennet en wurket yn Amsterdam. Har wurk is ynternasjonaal tentoansteld, ûnder oare by Städtische Galerie Nordhorn, Phoinix, Bratislava, Keramykmuseum Princessehof, Ljouwert en Arti et Amicitiae, Amsterdam.

Charlotte Eta Mumm, <em>Grunn en Reason</em>, 2022, “It hûs is net ien” Kunsthuis SYB, 2024. Foto: Sjoerd Knol. 

Charlotte Eta Mumm, Grunn en Reason, 2022, “It hûs is net ien” Kunsthuis SYB, 2024. Foto: Sjoerd Knol. 

Charlotte Eta Mumm, <em>Grunn en Reason</em>, 2022, “It hûs is net ien” Kunsthuis SYB, 2024. Foto: Sjoerd Knol. 

Charlotte Eta Mumm, Grunn en Reason, 2022, “It hûs is net ien” Kunsthuis SYB, 2024. Foto: Sjoerd Knol.