Cosy Pièro
De tekeningen fan Cosy Pièro binne makke yn twa ferskillende desennia en jouwe in yndruk fan har rike en alsidige praktyk dy’t ferweve is mei aktivisme. Cosy Pièro waard berne yn Keulen yn 1937. Nei in stúdzje byldzjende keunst yn Brussel en in ferbliuw yn Súd-Frankryk ferhuze se werom nei Dútslân en wenne fan dat stuit ôf as allinnichsteande mem yn München. Om yn har libbensûnderhâld te foarsjen rjochte Cosy yn 1962 de legindaryske queer artystebar Bei Cosy op. Yn Bei Cosy en oare queer bars toande se har beruchte rige tekeningen dy’t yn 1963 yn beslach naam waarden en nei alle gedachten ferneatige waarden fanwegen de Beierske “Schmutz und Schundgesetz”. De tekeningen toanden katten mei frouljuskoppen en enoarme boarsten dy’t ferskillende hannelingen mei-inoar útfiere. It is in eare om in tekening út dy rige hjir yn Fryslân presintearje te meien.
Oan it begjin fan de jierren 1980 konsintrearre se har útslutend op har keunst. Yn 1985 makke Gabriele von Arnim in doku mintêre oer har. Cosy hat mei grutte iver oan in jongere generaasje oer har libben ferteld yn ferskate lêzingen yn queer-feministyske konteksten. Yn 2022 krige se de keunstpriis fan de stêd München foar har libbenswurk as keunstner. Cosy ferstoar op 28 juny 2023.