it is part of an ensemble (bas van den hurk & Reinout Scholten van Aschat & Jochem van Laarhoven)
it is part XLIX of an onary, nor notice is in direkte ferwizing nei in artistike oersetting fan wat antropologe Anna Lowenhaupt Tsing omskriuwt as “de keunst fan it opmerken”. Yn de wurden fan de keunstners: “Under ús faak lange kuiers yn de omjouwing fan SYB namen wy ien of mear anagronistyske DV-kamera’s mei. Wy filmen koarte fragminten fan dingen dy’t ús opfoelen, benammen fûgels en planten en soms oare dingen dy’t wy seagen. Wy hiene Tsing’s idee yn gedachten dat wy net langer libje kinne as soe der einleaze foarútgong wêze, en dat wy dus ‘om ús hinne sjen moatte yn pleats fan foarút’.” It wurk is in yndeks, wêryn’t in seleksje fan de fragminten nei-inoar toand wurdt. De fideo wurdt begelaat troch in list dy’t eksakt omskriuwt watst sjochst, wêr en wannear.
Oer it is part of an ensemble: Wy binne in mannichte yn de foarm fan in kollektyf. Us oantallen fluktuearje. Wy binne keunstners, performers, dûnsers, akteurs, teätermakkers, studinten, teoretisy, yn ferskillende stadia fan ûntwikkeling, ferskillende leeftiden, ferskillende kultueren. Mei-inoar dogge wy residinsjes en organisearje projekten, meitsje tentoanstellingen, foarstellingen, publikaasjes en jouwe les, ûntwikkelje teäterstikken en nimme muzyk op. Wy wenje soms letterlik byinoar, wy itensiede en ite mei-inoar, wy skilderje, printsje, tekenje, filmje, jamme, wy lêze en besprekke teksten, gean nei tentoanstellingen of meitsje lange kuiers. Sintraal yn ús ûndersyk stiet it op ’e nij besjen fan hoe’t wy mei-inoar wenje en gearwurkje. Hoe jouwe wy foarm oan ús “mei-inoar wêzen”?
Mei it is part of an ensemble hawwe Jochem van Laarhoven, Reinout Scholten van Aschat en bas van den hurk, koartlyn eksposearre yn De Pont Museum, Tilburg, Billytown, De Haach en Bonnefanten Museum Maastricht.