Liza Prins
Bitterswiet: A Tiny Mulder Inquiry in Word and Voice is in samling essees, gedichten en oar materiaal wêryn’t de Fryske taal as middel foar ferset ûndersocht wurdt. Yn de tiid fan har residinsje by SYB begûn Liza Prins har te ferdjipjen yn it libben en wurk fan Tiny Mulder. Mulder, in Fryske dichter en lid fan it Nederlânske ferset yn de Twadde Wrâldoarloch, groeide mar in pear doarren fan SYB op. Liza boude troch op de skiednis en fonetyk fan it Frysk om de ympakt fan sprutsen taal yn har eigen lichem te ûndersykjen. Har doel is om te ûntdekken hoe’t wy in grinsleaze, mei leafde trochkrongen foarstelling fan in oare wrâld meitsje kinne. It wurk bestiet út in publikaasje – yn it Ingelsk en Frysk – en in lûdswurk yn de foarm fan in kassette. Op kant A fan de kassette hearre wy ferskillende ynterpretaasjes fan it wurk fan Tiny Mulder. Kant B befettet orizjinele lûdopnamen fan in lêzing troch Tiny Mulder.
Liza Prins wennet en wurket yn Amsterdam en Newcastle. Se studearre oan de Gerrit Rietveld Academie, School of the Art Institute of Chicago en de Universiteit fan Amsterdam en wurket op it stuit oan har PhD oan Northumbria University, Newcastle. Har wurk is ûnder mear tentoansteld by A Tale of A Tub, Rotterdam, Zone2Source, Amsterdam en Nieuw Dakota, Amsterdam.