Olivia D’Cruz
Je Droomt Ook Van Jezelf Als Een Schepsel Van Het Moeras is in film oer it wêzen en it dielen fan wetter, ynspirearre troch de tradysje fanwichelroederinnen. By it wichelroederinnen wurdt besocht grûnwetter of oare natuerlike materialen yn de boaiem te finen, troch de wei fan de beweging fan in y-foarmige tûke. Olivia D’Cruz makke it wurk op in stuit dat de grûnwetterstân yn Fryslân soarchlik leechwie. Troch it dokumintearjen fan petearen en moetingen mei minsken, feangebieten, kik-kertsfiskjes, earrebarren en de Alddjip-rivieryn Beetstersweach, toant de film eleminten dy’t de ferhâldingen tusken minsk en wetter likegoed fiede as bedrige.
Olivia D’Cruz brûkt ferskillende media, lykas animaasje, tekeningen en film, as middel om frjemde moetingen tusken lânskippen, minsken en oare bisten fêst te lizzen. Harrenis ynteressearre yn de struktueren dy’t dizze moetingen mooglik of ûnmooglik meitsje en ûndersiket dy út in dekoloniaal perspektyf wei.
Olivia D’Cruz is in keunstner út Goa, Yndia, dy’t op it stuit yn Amsterdam wennet. Harren studearre yllustraasje en animaasje oan Academie Minerva, Grins en nimt op it stuit diel oan it Planetary Poetics Masters Program oan it Sandberg Instituut. Harren wie nominearre foar de Sybren Hellinga Keunstpriis 2022. Harren wurk is tentoansteld by ûnder oare Galerie Noorderlicht en it Tschumi Pavilion yn Grins.