Philipp Gufler

Mei syn artistike praktyk en syn wurksumheden as aktyf lid fan it eigenorganisearre Forum Queeres Archiv München (FQAM), leit keunstner Philipp Gufler der de klam op dat elke generaasje keunstners nije aspekten en oanpakken fine om mei skiednis om te gean. Troch it ferline op ferskillende wizen te fertellen en foarm te jaan, kinne neffens de keunstner nije takomsten ûntstean. Syn wurk is trochstrings basearre op ûndersyk nei histoaryske keunstners en tinkers en deplakken en netwurken dy’t sy ûnderholden. Hjirmei ûnderskriuwt Philipp it belang fan artistike mienskippen en benammen de transen queerpersoanen d’t der diel fan útmeitsje, as essinsjeel foar de ûntwikkeling fan keunst en kultuer. By Keunsthûs SYB presintearret hy in hommaazje oan keunstner Cosy Pièro, mei in nije live performance en troch keunstwurken fan Cosy sels sjen te litten. Dêrneist befettet de tentoanstelling Philipps bekende seefdrukte spegels dy’t yn it momint fan besjen de byltenis en romte om de sjogger hinne kleurje.

Yn syn artistike praktyk brûkt Philipp Gufler ferskillende media, dêrûnder seefdrukken op stof en spegel, keunstnersboeken, performance en fideo-ynstallaasje. Hy wie ko-kurator fan in reizgjende oersjochstentoanstelling fan Tabea Blumenschein, Hilka Nordhausen, Rabe perplexum en meiplichtigen, lykas fan de tentoanstelling Substitutes in W139 yn Amsterdam, mei wurk fan ûnder oare Louwrien Wijers en Lorenza Böttner. Solotentoanstellingen fan Philipp wiene te sjen yn Kunsthalle Mainz, International Summer Academy Salzburg, Kevin Space, BQ en Marwan.