Pia Louwerens & Katinka van Gorkum

Lesbisch Archivaria is in fanzine oer it Lesbysk Argyf Ljouwert (L.A.L.), letter it Anna Blaman Huis neamd, dat bestie fan 1976 oant 2013. It fanzine ûntlient syn namme oan it lyknammige tydskrift dat publisearre waard troch L.A.L. Yn de tiid fan harren ferbliuw by SYB yn 2023 dûkten Pia Louwerens en Katinka van Gorkum yn it L.A.L. en ûndersochten se wat it betsjut om de yntime begjinjierren fan it argyf te toanen yn in artistike kontekst. Yn dizze “ferfolch”-edysje fan it fanzine kombinearje se dokumintaasje fan harren relaasje as freonen en húsgenoaten, mei materiaal út it eardere argyf. Foar de gelegenheid fan dizze tentoanstelling presintearje se in nije pagina foar de publikaasje, dêr’t saken yn beljochte wurde dy’t bard binne nei’t se Keunsthûs SYB ferlieten.

Pia Louwerens skriuwt en performt, faak mei it doel om te begripen hoe’t keunstwurk, keunstner en ynstitúsjonele kontekst inoar ko-produsearje. Se wie ûndersiker by a.pass, yn Brussel en foltôge in residinsje by Morpho, Antwerpen. Har wurk is publisearre yn ûnder oare De Witte Raaf en Metropolis M.

Troch te skriuwen en te publisearjen ûndersiket Katinka van Gorkum it gefoel fan it hûs as in stabile basis, ûnder mear troch private romten publyk te meitsjen. Se is ôfstudearre oan it KABK yn De Haach en hat har wurk ûnder mear toand yn boekhannel KIOSK Rotterdam, Bosch&deJong, Performatik 19, Kanal Centre Pompidou Brussel en Ferryfestival Amsterdam.