Publik Universal Frxnd (fka Richard John Jones)
De Bult is in tydlike bar yn Keunsthûs SYB foar de duer fan de tentoanstelling. De bar ûntlient syn namme oan de bynamme fan Jurrien Christiaens út Ljouwert dy’t yn 1730 eksekutearre waard op beskuldiging fan sodomy. Dêrneist eksploitearre Jurrien ‘De Bult’ Christiaens yn syn hûs in lolhûs: in klandestine seksromte dy’t troch mannen besocht waard. Yn deselde perioade waarde de Nederlânske diken bedrige troch de pealwjirm. Troch hel-en-ferdommenis prekers waard dit yn ferbân brocht mei de ûnseedlikens fan homoseksuelen, oftewol de sodomiten, dy’t yn 1730 yn Utrecht ûntdutsen wiene. Yn Grins waard in spesjale biddei foarsteld tsjin de pealwjirm en tsjin de sodomy. De Bult is in fuortsetting fan in langrinnend projekt dat Publik Universal Frxnd tegearre mei Philipp Gufler starte oer it ferdwinen fan queer sosjale romten. Eardere uteringen wiene “Moby Dyke” yn Florida Lothringer 13, München en “Bei Cosy” yn Rongwrong, Amsterdam.
It wurk fan Publik Universal Frxnd hâldt him dwaande mei de wikselwurking tusken fisuele foarmen fan represintaasje/abstraksje en politike foarmen fan erkenning en marginalisaasje. Harren wurket mei tekstyl en ambachtlike techniken yn kombinaasje mei performance, fideo en ynstallaasje.
It wurk fan The Frxnd wie koartlyn te sjen yn in solopresintaasje yn de Rozenstraat - a rose is a rose, Amsterdam, en earder yn it Irish Museum of Modern Art, Dublin en de Gwangju Biënnale, Gwangju yn oparbeidzjen mei AA Bronson.