Sanne Kabalt

Sanne Kabalt toant in rige wurken oer sliepferskes, taal en mem-wêzen. Ferskes dy’t songen wurde om bern yn ’e sliep te widzjen lykje nammentlik faak ek in oar doel te hawwen: it uterjen fan de soargen fan de sjonger. It bern sprekt noch gjin taal en wurdt gerêststeld troch in fertroude stim, it widzjende ritme en de mankelike meldij. Mar ûndertusken kin de sjonger fan it liet syn eigen twifels en problemen yn de teksten ferwurdzje. Night, Mother is in wurk oer it tsjuster yn sliepferskes. Yn’e tentoanstelling nimt it de foarm oan fan in audiofragmint dêr’t in stim nije kombinaasjes fan orizjinele sliepferskes yn sjongt. Dêrneist toane foto’s it gearranen fan skaden fan in mem en dochter.

Sanne makket ynstallaasjes, fideo’s en publikaasje om tema’s hinne lykas rou, mentale sûnens en de relaasje tusken minske en natuer. Op grûn fan de ynhâld fan har projekten komt se faak ta nije foarmen.

Sanne Kabalt wennet en wurket yn Haarlim. Nei har stúdzje fotografy oan de Hogeschool voor de Kunsten Utrecht, behelle se har MA oan it Nederlands Kunstinstituut yn Arnhim. Har wurk is ûnder mear tentoansteld by Sea Foundation, Tilburg, Beautiful Distress, Amsterdam, Württembergischer Kunstverein, Stuttgart en Razklon, Tsarino.