Sol Archer

Ten Thousand Summers Stolen Sun is in doek makke fan katoen en ferve mei âlde maisblêden. Under de iuwenlange kolonisaasje waardmais ôfnommen fan ynlânske mienskippen yn Súd- en Midden-Amearika. Sy hiene yn de rin fan tûzenen jierren gâns fariëteiten fan de plant ûntwikkele. De plant wurdt no foaral ferboud yn Noard-Europa en brûkt foar de produksje fan biogas. Dizze tylt taast de boaiem oan en hâld politike en ekonomyske systemen yn stân dy’t ûnferienichber binne mei inbewenbere planeet.
Yn On a bare rock by the ocean you will never hear anything but birds whose cries blend with the sound of winds folget Sol Archer frijwilligers dy’t de Tropyske Kas ûnderhâlde, in kas yn Beetstersweach út de jierren 1860. Bylden fan de groep oan it wurk wurde kombinearre mei fokale rekonstruksjes út de argiven fan Hercules Florence. Yn 1831 transkribearre Florence Braziliaanske bistelûden om nei Frânske wittenskiplike ynstituten te stjoeren. De tropyske kas herberget in montaazje fan ûnderbrutsen seizoen, klimaten en ekosystemen. Hjoed-de-dei wurdt de broeikas sjoen as in gearstald lânskip fan ekologyen, urven út de koloniale perioade.

Sol Archer wurket as keunstner gear mei profesjonele en non-profesjonele groepen. Hy wurket gauris mei fideo en ûndersiket hoe’t yndividuën en mienskippen harsels foarmje troch harren assosjaasje mei kollektive kulturele aktiviteiten. Syn wurk is ûnder mear tentoansteld GoShort, Nijmegen, Rencontres Internationales Parijs/Berlijn en TENT, Rotterdam.

Sol Archer, <em>On a bare rock by the ocean you will never hear anything but birds whose cries blend with the sound of winds</em>, 2022, “It hûs is net ien,

Sol Archer, On a bare rock by the ocean you will never hear anything but birds whose cries blend with the sound of winds, 2022, “It hûs is net ien,” Kunsthuis SYB, 2024. Foto: Sjoerd Knol.

Sol Archer, <em>Ten Thousand Summers Stolen Sun</em>, 2023, “It hûs is net ien,

Sol Archer, Ten Thousand Summers Stolen Sun, 2023, “It hûs is net ien,” Kunsthuis SYB, 2024. Foto: Sjoerd Knol.

Sol Archer, <em>Ten Thousand Summers Stolen Sun,</em> 2023 and <em>On a bare rock by the ocean you will never hear anything but birds whose cries blend with the sound of winds</em>, 2022, “It hûs is net ien,

Sol Archer, Ten Thousand Summers Stolen Sun, 2023 and On a bare rock by the ocean you will never hear anything but birds whose cries blend with the sound of winds, 2022, “It hûs is net ien,” Kunsthuis SYB, 2024. Foto: Sjoerd Knol.