Steven Jouwersma

Yn syn fideo Je vergeet jezelf nog eens probearret Steven Jouwersma de barriêres te trochbrekken dy’t bestean tusken ferskillende neurologyske persepsjes fan de wrâld. Jouwersma ferkent relaasjes tusken konsepten en ûnderfiningen fan it Sels, fariearjend fan Zen Boeddhisme oant aktiviteiten dy’t troch syn mem útfierd wurde. Dêrneist hat Steven ûndersyk dien nei it dee fan snoezelromtes. It tiidwurd “snoezeljen” is in kombinaasje de wurden “snuffeljen” en “doezeljen”. Snoezelromtes binne spesifyk ûntwurpen foar dizze praktyk, en fine je faak yn soarchynstellingen en skoallen foar neurodiverse minsken. Dizze ideeën ferkenne mei-inoar de mooglikheden foar in fleksibele relaasje tusken it Sels en de bûtenwrâld.

Binnen syn praktyk, dy’t fariearret fan skilderijen oant ynstallaasjes, gelûdswurken en performances, makket Steven faak gebrûk fan de ferbylding en sintúchlike ferkenning, hoewol’t dy altyd woartele bliuwt yn de deistige werklikheid. Sa stribbet hy dernei mei syn wurk in magysk realisme te kreëarjen.

Steven Jouwersma wennet en wurket Brussel. Hy foltôge syn BFA Painting oan de Minerva Kunstacademie yn Grins en syn MFA Interactive Media Environments oan it Frank Mohr Instituut yn Grins. Syn wurk waard ûnder mear toand yn Waterwerken, Rotterdam, Het Resort, Grins en Wandering Arts Biennale, Brussel.

Steven Jouwersma, <em>Je vergeet jezelf nog eens</em>, 2022–2024, “It hûs is net ien” Kunsthuis SYB, 2024. Foto: Sjoerd Knol. 

Steven Jouwersma, Je vergeet jezelf nog eens, 2022–2024, “It hûs is net ien” Kunsthuis SYB, 2024. Foto: Sjoerd Knol. 