De Triënnale fan Beetstersweach iepenet op sneon 28 septimber en is te besykjen oant en mei snein 3 novimber 2024, op freed, sneon en snein tusken 13:00 - 18:00 oere, en op oanfraach.

Besikersynformaasje
Keunsthûs SYB (haad lokaaksje)
Haadstrjitte 70
9244 CP Beetstersweach
info@kunsthuissyb.nl
Iepeningstiden: freed, sneon, snein 13:00 - 18:00 oere, en op oanfraach

Projectruimte 17 / Eja Siepman van den Berg
Haadstrjitte 17
9244 CL Beetstersweach
Iepeningstiden: freed, sneon, snein 13:00 - 18:00 oere

Tropyske Kas
Haadstrjitte 80
9244 CP Beetstersweach
Iepeningstiden: freed, sneon, snein 12:00 - 17.00 oere

Tagong
Fergees, gjin tickets of registraasje nedich

Tagonklikheid
De tentoanstelling is foar in part tagonklik foar rolstuollen, scootmobilen, rollators en berneweinen. Hâld der lykwols rekken mei dat der fanwegen de histoaryske monumintestatus fan ús lokaasje gjin lift oanwêzich is. Dat betsjut dat de earste en twadde ferdjipping net tagonklik binne. Dy beheining jildt ek foar de lokaasje yn it hûs fan Eja Siepman van den Berg. De Tropyske Kas lykwols is wol folslein tagonklik foar rolstuollen, scootmobilen, rollators en berneweinen.

Spesjaal ferfier iepeningsdei
Op de dei fan ’e iepening, sneon 28 septimber, hat SYB in bus regele dy’t fan Amsterdam nei Beetstersweach en werom rydt.

Ofreis Sloterdijk Piarcoplein (P+R) Amsterdam: 13.00 oere
Oankomst Beetstersweach: +/- 14:45 oere

Ofreis Beetstersweach: 19.00 oere
Oankomst Sloterdijk Piarcoplein (P+R) Amsterdam: +/- 20.45 oere

Kosten: € 15 retoer p.p. Fol = fol. Bestel dyn tickets via dizze link.

Ferfier
Keunsthûs SYB is te berikken mei de auto, fyts of bus.

Oeral yn Beetstersweach kin fergees parkearre wurde. Tink derom: yn en om de Haadstrjitte yn Beetstersweach jildt in blauwe sône. De blauwe sône is te werkennen oan de buorden oan it begjin en de ein fan de sône. It parkearjen yn dy parkearfakken is fergees mei in blauwe parkearskiif. Dat jildt fan moandei oant en mei sneon fan 9.00 oant 18.00 oere. Bûten dy dagen en tiden is parkearjen fergees.

De bushalte Beetstersweach, Haadstrjitte leit lyk foar SYB.

Fanôf treinstasjon Hearrenfean komt bus 20 yn 38 minuten oan by Keunsthûs SYB.
Fanôf Drachten, Van Knobelsdorffplein, stoppet bus 21 yn 9 minuten by Keunsthûs SYB.