Alban Karsten
Vem kan segla, wa kin sile is in sêne út de film The Visitor, dêr’t Alban Karsten oan wurke hat yn de tiid fan syn residinsje by Keunsthûs SYB. It útgongspunt wie om yn te gean op de mûnlinge skiednis fan it doarp, lykas regionale myten, doarpsroddels en lokale kroniken. Om tagong te krijen ta it kollektive ûnthâld fan it doarp, sleat Alban tydlik oan by twa Beetstersweachster koaren. Hy begûn syn syktocht nei freonskip, isolaasje en netwinske persepsjes yn in lytse mienskip. Wilens waarden de koaren in hieltyd wichtiger ûnderdiel fan syn artistike proses. Se joegen him struktuer en hy ûntduts op ’e nij it sjongen as ûnderdiel fan syn artistike praktyk; as performatyf middel en as metoade om kontakt te meitsjen mei in mienskip. Mei it koar MNNZNGVRNGNG fiert Alban in âld Sweeds kleiliet (Vem kan segla) op foar in ferlerne freon(dinne), foar in part oerset yn it Frysk troch twa fan de koarleden
Alban Karsten is in keunstner en dosint dy’t wennet en wurket yn Amsterdam. Hy behelle syn MA oan it Sandberg Instituut yn Amsterdam. Dêrfoar foltôge er syn BA oan Academie Minerva, Grins. Syn wurk is ûnder mear tentoansteld yn W139, Amsterdam, Gwangju Biënnale, Gwangju, en De Appel, Amsterdam.