Sneon 2 novimber - Remembering Cosy, in performance troch Philipp Gufler
Nei de feestlike iepening fan de Triënnale fan Beetstersweach 2024 binne wy bliid om it publike programma te dielen dat de lêste trije wiken fan de tentoanstelling holden wurde sil. It is net noadich om dy oan te melden of in kaartsje te keapjen, kom gewoan lâns om te harkjen, te praten en it glês te heffen yn keunstnersbar De Bult. Elk programma begjint mei in rûnlieding troch de tentoanstelling troch ien fan de kurators.
Sneon 2 novimber 2024
Keunstner Philipp Gufler earet keunstner Cosy Pièro mei in nije live-performance titele Remembering Cosy. De performance beljochtet de ferskillende aspekten fan harren freonskip en gearwurking. Yn de wurden fan de keunstner: ‘‘I became friends with Cosy and her wife Anne Osmers regardless of our age difference and this developed into something like a queer art family for me.” De performance stelt de fraach hoe’t je queer genealogieën en dialogen tusken generaasjes fysyk drage kinne en der romte foar meitsje kinne. De middei wurdt ôfsletten mei in petear oer Cosy, folge troch in performative lêzing fan Lou Lou Sainsbury.
13.30-14.30 Rûnlieding troch de tentoanstelling - Start by Kunsthuis SYB, mei Titus Nouwens
16.00 Remembering Cosy, in nije performance fan Philipp Gufler
15.00-19.00 De Bult bar hosten troch keunstner Lou Lou Sainsbury
*Op dizze middei sil keunstner Charlotte Eta Mumm har wurk aktivearje mei in spesjale traktaasje.
Oer Remembering Cosy
Philipp Gufler: “I first heard of the artist Cosy Pièro through my artistic research on the lost queer spaces with Publik Universal Frxnd, which led to the bars Moby Dyke at Lothringer 13_Florida in Munich in 2015, and Bei Cosy at Rongwrong in Amsterdam in 2017. I was immediately fascinated by her work and heard about her impressive life story through conversations with contemporary witnesses. Cosy tirelessly told young people about her life as an artist in various contemporary witness talks in queer-feminist contexts. Especially a young and queer generation of artists could identify with her independent work, her courage and her sensitivity. In 2022 she received the art award of the City of Munich for her life achievement as an artist. She died on June 28, 2023. I became friends with Cosy and her wife Anne Osmers regardless of our age difference and this developed into something like a queer art family for me. Our friendship allowed me to get to know her artistic work better.”
Foar de performance oer har libben en keunst dielt Philipp sênes út in dokumintêre makke yn 1985 en in ynterview mei Cosy út 2015, dat noait publyklik presintearre is. Cosy har eigen lesbyske chansons, dy’t se sels komponearre en elke sneintejûn song by Bei Cosy, sille de soundtrack fan de performance foarmje.
Yn jannewaris 2023 publisearre Philipp yn gearwurking mei Ruine München Cosy Bei Cosy: in fanzine oer keunstner Cosy Pièro en har bar Bei Cosy. Nije edysje wurdt meikoarten publisearre fia HVM Books.
Biografy
Philipp Gufler brûkt ferskillende media, dêrûnder seefdrukken op stof en spegel, keunstnersboeken, performance en fideo-ynstallaasje. Hy wie ko-kurator fan in reizgjende oersjochstentoanstelling fan Tabea Blumenschein, Hilka Nordhausen, Rabe perplexum en meiplichtigen, lykas fan de tentoanstelling Substitutes in W139 yn Amsterdam,
mei wurk fan ûnder oare Louwrien Wijers en Lorenza Böttner. Solotentoanstellingen fan Philipp wiene te sjen yn Kunsthalle Mainz, International Summer Academy Salzburg, Kevin Space, BQ en Marwan.
Charlotte Eta Mumm is in keunstner fan wa’t de praktyk him beweecht tusken abstrakt en represintatyf, wêrby’t se de oanwêzigens fan dingen, perspektiven en de romte befreget. Se wurket mei ferskillende media en materialen, lykas tekenjen, byldhouwen, klaai en keramyk. Har wurk is ynternasjonaal tentoansteld, ûnder oare by Städtische Galerie Nordhorn, Phoinix, Bratislava, Keramykmuseum Princessehof, Ljouwert en Arti et Amicitiae, Amsterdam.
Lou Lou Sainsbury is in keunstner dy’t wurket mei bewegend byld, live-performance, poëzy, tekeningen, skulptueren en tekstyl. As in selsferklearre tiidreizger besiket Sainsbury’s wurk ferhalen te fertellen dy’t de skiednis fan ferset, transformaasje en ferfrisseling yn likegoed minsklike as net-minsklike wrâlden ferkent. Gearwurking stiet dêrby sintraal. Lou Lou’s wurk is tentoansteld yn Roodkapje Rotterdam, Gasworks yn Londen en Ehrlich Steinberg yn LA.
Titus Nouwens wurket as curator en skriuwer op it grinsgebiet fan byldzjende keunst en performance. Foar de 4de edysje fan de Triënnale fan Beetstersweach wurket hy as Associate Curator.