Ola Hassanain
The Line that Follows is filme yn Khartoem, Soedan. Sa’t de titel al suggerearret, folget de film ferskillende spoaren. Spoaren fan teoretyske teksten, artistike ferbylding en materiële boarnen. Oan de iene kant besiket it wurk mentale prosessen fan analytysk tinken en ûndersyk te fisualisearjen. Oan de oare kant kontekstualisearret it it tinkende lichem binnen in spesifike kontekst fan kennis en psychogeografy, yn dit gefal Khartoem. Op dizze manier lit it wurk sjen op hokker wize tinken, yndividuele lichems, en ek harren direkte en fierdere omjouwing, “bewenje” kin. It wurk befreget ferskillende ideeën oer wat it betsjut om yn in romte te ferbliuwen. Boppedat yntrodusearret it in spirituele diminsje fan romte, ûntliend oan de soefi-achtergrûn fan de keunstner.
De artistike praktyk fan Ola Hassanain is sterk beynfloede troch har achtergrûn yn de arsjitektuer. Har praktyk ûndersiket hoe’t arsjitektuer it bouwen posisjonearret as in ekologyske “leechrin” fan gebieten en as in ynfrastruktuer foar trochgeande syklussen fan katastrofe, lykas twongen migraasje. Har meast resinte wurk ferkent it idee fan “romte as discours”, in rommere opfetting fan romte dy’t politike en miljeukwestjes omfettet.
Ola Hassanain is keunstner en arsjitekt en wennet en wurket yn Amsterdam. Ola’s praktyk is sterk beynfloede troch har post-akademyske oplieding; in tsjintwurdige rol as dosint oan de KABK yn De Haach, in Rijksakademie residinsje, in BAK fellowship en it mei-ûntwikkeljen fan de Blackerblackness Master oan it Sandberg Instituut. Har wurk is ûnder mear tentoansteld by Buro Stedelijk, Amsterdam, Hartwig Art Foundation, Amsterdam en Ghana Contemporary Art Foundation, Accra.