Langstme

10 o/m 19 septimber 2021

De tredde Triënnale fan Beetstersweach, titele Langstme, waard holden fan 10 oant en mei 19 septimber 2021. De edysje yn 2021 befettet it wurk fan keunstners dy’t tusken 2019 en 2021 yn Keunsthûs SYB ferbliuw holden. Yn de tiid fan harren ferbliuw krigen sy de kâns om harren wurk fierder te ûntwikkeljen en yn septimber 2021 kamen se werom om it resultaat fan dat proses sjen te litten yn in keunstrûte lâns bysûndere tentoanstellingslokaasjes yn Beetstersweach.

In soad wurken yn de tentoanstelling wienen dus it resultaat fan de syktocht fan SYB’s gastkeunstners nei eksperimint, ferdjipping en in betsjuttingsfolle ferbining mei de omjouwing fan SYB en it Noarden. In syktocht dy’t dreaun waard troch urginte maatskiplike fraachstikken, ambysje en langstme. Ek woe SYB mei dy tredde Triënnale fan Beetstersweach temjitte komme oan de sterke behoefte ûnder keunstners en publyk om elkoar te treffen, meielkoar te praten en nije útwikselingen oan te gean nei in lange (troch coronamaatregels tekene) perioade wêryn’t it belibjen fan keunst en kultuer net fanselssprekkend wie. Dêrom wie it tema fan de Triënnale dit jier Langstme.

Keunstners: Maarten Bel; Jasper Coppes; Monique Duurvoort; Caz Egelie en Jesse Strikwerda; Halla Einarsdóttir; Laurent-David Garnier; Janne van Gilst; Seán Hannan; Anna Hoetjes; Ash Kilmartin; Inge Meijer; Onkruidenier; Sara Postolle, Nicole Kuiper en Martijn de Geele; Sissel Marie Tonn, Lotte van der Woude.

Triënnale fan Beetstersweach 2021: Langstme. Foto: Sjoerd Knol