Louwrien Wijers

It wurk fan Louwrien Wijers omspant mannich desennia en gâns geografyske gebieten. Begjin jierren sechstich wurke se as skriuwer en sjoernalist yn Amsterdam, foar’t se tsjin de ein fan it desennium belutsen rekke by de Fluxusbeweging. Yn dy jierren waard se keunstner en ferlei se har skriuwwurk nei it konseptuele en fisuele fjild. Se ûntwikkele in praktyk dy’t se “writing as sculpture” neamde, besteande út transkripsjes fan petearen mei keunstners, tinkers en spirituele lieders. Skriuwen moat hjir sjoen wurde as in kontener fan kennis en as in estetyske oanwêzichheid yn har fisualiteit. Yn de jierren 1970 reizge Louwrien nei New York en brocht se in soad tiid troch yn it Chelsea Hotel, dêr’t se petearen hie mei keunstners en detaillearre beskriuwingen opskreau fan performances dêr’t se tsjûge fan wie. Faak mei de hân skreaun en soms presintearre yn de swarte inket fan de typmasine, befreegje dizze wurken de grinzen fan yndividuele en kollektive wurken.
Op in fergelykbere wize waard har hûs oan de Herengracht yn Amsterdam in moetingsplak foar lokale en ynternasjonale keunstners. Al mear as tsien jier wennet Louwrien yn Fryslân, yn it doarp Ferwert, yn in hûs dat har skonken waard troch performancekeunstner Ben D’Armagnac (1040-1978). Se bliuwt in ynspiraasjeboarne foar in soad keunstners fan in jongere generaasje.