Carmen Schabracq
Yn de tiid fan har residinsje by SYB ûndersocht Carmen Schabracq hoe’t de duvel foarkomt yn Fryske folkloare. It is tradysje yn de regio om yn de koartste dagen fan it jier wiidweidich de klokken te lieden om boaze geasten te ferjeien. De duvel waard ek ôfbylde yn folksferhalen troch saneamde “duvelbanners”, boeren dy’t beskôge waarden as in soarte fan magiërs dy’t by steat wiene de duvel te ferdriuwen. Duvel Banners is ien fan de skilderijen dy’t Carmen makke hat oer dit ûnderwerp. By SYB ferkende de keunstner ek de âlde technyk fan it wylgeflechtwurk, in lokaal ambacht. Mother Cow makke Schabracq koart nei de berte fan har dochter. Se makke dêrby gebrûk fan de techniken dy’t se mei de residinsje learde. Yn ferskate kultueren wurdt de ko nammentlik assosjearre mei it hillige froulike, in symboal fan goedwillige fruchtberens, ûnbaatsuchtigens en genereuzens, om’t it molke leveret sûnder wat werom te ferwachtsjen.
Carmen Schabracq wennet en wurket yn Amsterdam. Se behelle har BA Beeldende Kunst oan de Gerrit Rietveld Academie, en in MA teäterkostúmûntwerp oan de Koninklijke Academie voor Schone Kunsten yn Antwerpen. Har wurk is ûnder oare tentoansteld yn it Stedelijk Museum Breda, it Amsterdam Museum, Nest Ruimte, Den Haag and No limits! Art Castle, Amsterdam.