Selma Selman
De tekeningen fan Selma Selman yn har rige Superpositional Intersectionalism toane froulike personaazjes dy’t tinken dogge oan mytyske en fiktive wêzens. De tekeningen jouwe ynsjoch yn froulike stambeammen, soms autobiografysk, soms fol keunsthistoaryske ferwizingen. De keunstner begûn al yn har middelbereskoalletiid mei tekenjen, yn it doarp Bihac yn Bosnië, dêr’t se opgroeide. De tekeningen foarmje in wichtich ûnderdiel fan har oeuvre, it begeliedt en ferankeret har artistike praktyk. It binne sawol portretten fan wêzens út de takomst, as oerbliuwsels fan fergetten froulike neilittenskippen en sketsen foar takomstige skilderijen, films en performances.
Likegoed har tekeningen as har bredere artistike praktyk hawwe as doel frouljuslichems te beskermjen en in multydissiplinêre oanpak te hantearjen foar de kollektive emansipaasje fan ûnderdrukte froulju. Selma’s syktocht nei funksjoneel, hjoeddeisk polityk ferset komt fuort út har persoanlike ûnderfining mei ûnderdrukking út ferskate rjochtingen wei. Yn de wurden fan de keunstner, har wurk: “wikselet ôf tusken gefoelige, hurde en iroanyske gebearten dy’t diskriminearjende identiteitsideeën, ferwachtingen en stereotipen bleatlizze.”
Selma Selman wennet en wurket op it stuit yn Amsterdam, sûnt se yn 2021 har Rijksakademie Residency ôfrûne. Se behelle har Bachelor of Fine Arts oan de ôfdieling skilderkeunst fan de Banja Luka Universiteit en se studearre ôf oan de Syracuse Universiteit mei in Master of Fine Arts yn Transmedia, Visual and Performing Arts. Resinte solotentoanstellingen binne ûnder oare: Schirn Kunsthalle, Frankfurt, Röda Sten Konsthall, Göteborg,Gropius Bau, Berlyn. Se wûn yn 2024 de ABN AMRO Art Award.