Triënnale fan Beetstersweach

It hûs is net ien

28. septimber – 03. novimber 2024

In which house and with which woman does-did-will love happen? And when is it time for love, anyway? Time for work? How can the stakes in love and work be sorted out?
– Luce Irigaray, ‘This Sex Which is Not One’ (1977)

Keunsthûs SYB nûget dy út foar de 4e edysje fan de Triënnale fan Beetstersweach, dy’t holden wurdt fan sneon 28 septimber oant en mei snein 3 novimber 2024. De tentoanstelling fynt plak yn it doarp Beetstersweach, yn de twatalige provinsje Fryslân.

Dit jier krige de Triënnale de titel It hûs is net ien. De tentoanstelling bringt wurk byinoar fan de keunstners dy’t de ôfrûne trije jier by SYB yn residinsje west hawwe en plantet de siedsjes foar it programma fan 2025-2028, dat him dwaande hâldt mei fragen oer bewenning. Sûnt de oprjochting yn 2000 hat Keunsthûs SYB in plak west foar ûndersyk en eksperimint, in romte dêr’t keunstners libje en dêr’t keunst makke wurdt. Petearen binne geregeld om de keukentafel hinne. Faak ûntsteane der nije ferbiningen, sawol mei de lokale bewenners als mei it Fryske lânskip en syn ferhalen.

Yn de santiger jierren yntrodusearre de twadde feministyske weach de wyls ferneamde útspraak ‘the personal is political’ om de hearskjende noarmen en genderposysjes yn ’e maatskippij opnij te befreegjen. Dizze edysje fan de Triënnale nimt dat idee as útgongspunt en ûndersiket it yn relaasje ta it meitsjen fan tentoanstellingen. Sa ropt it fragen op lykas: Wat is in hûs? Wa wennet der yn it hûs? En hoe ferhâldt sa’n persoanlike romte him ta de wrâld dêrbûten?

De tentoanstelling wurdt holden yn twa keunstnershuzen yn Beetstersweach en yn de tichtby lizzende Tropyske Kas, in tún en plantekas dy’t eartiids by ien fan de huzen yn it doarp hearde. Keunsthûs SYB wie de eardere wenning fan Sybren Hellinga en die tsjinst as galery en ‘skinkerij’. Dizze edysje sil de tentoanstelling dan ek plakfine yn alle keamers fan it hûs. De ûnderste ferdjipping funksjonearret ûnder oaren as in bar, Publik Universal Frxnd (fka Richard John Jones) makket dêr in ynstallaasje dy’t ynspirearre is op sawol 18e-iuwske yllegale bars neamd ‘lolhuizen’, as op in 20e-iuwske keunstnersbar neamd Bei Cosy. Ek presintearje Pia Louwerens en Katinka van Gorkum harren wurk ynspirearre op it Anna Blaman Huis om feministysk en lesbysk erfgoed yn Fryslân te behâlden.

Ferbiningen tusken keunstners fan ferskillende generaasjes spylje in belangrike rol yn de hiele tentoanstelling. Sa bringt Philipp Gufler in earbetoan oan keunstner Cosy Pièro en portrettearret Rory Pilgrim harren freondinne, keunstner Louwrien Wijers. It yntergenerasjonele komt ek werom yn de films fan keunstners Ola Hassanain en Steven Jouwersma. ‘Hoe draachst in hûs mei dy mei?’ lykje se te freegjen.

Oan ’e oare kant fan ’e strjitte giet de tentoanstelling fierder yn in keamer fan it wen- en wurkplak fan keunstner Eja Siepman van den Berg. Dêr binne wurken byinoar brocht dy’t har ferdjipje yn de omjouwing fan Keunsthûs SYB. Wêr’t Sol Archer yn de relaasje dûkt tusken ekology en koloniale ferbylding, portrettearret Olivia D’Cruz in feroarjende relaasje tusken minsken, it lânskip en wetterlichems. It hûs is net ien wjerspegelet in wrâld fol spanningen, mar ek in wrâld fan ferwûndering, nijsgjirrichheid en sibskip tusken minsken. In wrâld dy’t ûnûntkomber it hûs ynkomt. In hûs dat net ien is.

Gearstald troch Arnisa Zeqo, direkteur Keunsthûs SYB, mei Titus Nouwens, associate kurator.

Ding dong