Special opening program

Keunsthûs SYB ferwolkommet dy graach yn Beetstersweach foar in spesjaal iepeningsprogramma op sneon 28 septimber, fan 15:00 - 19:00 oere. Kom del om de tentoanstelling te sjen en it glês te heffen. SYB hat in bus regele dy’t fan Amsterdam nei Beetstersweach en werom rydt: scroll foar mear ynformaasje!

Programma iepening
15:00 Doarren iepen
15:30 Wolkomstwurd yn Keunsthûs SYB
16:00 De Bult bar iepenet by SYB, host troch keunstner Jens Huls
16:30 Anekdoates Lesbisch Archivaria troch Pia Louwerens en Katinka van Gorkum by De Bult
17:15 Toast by Eja Siepman van den Berg
18:00 Optreden fan Alban Karsten en MNNNZNGVRNGNG, it manljuskoar fan Beetstersweach, by Tropyske Kas
19:00 Ein programma - bus werom nei Amsterdam

Ekstra programma
19:00-22:00 Museumnacht FRL - De tentoanstelling bliuwt iepen

Oer De Bult
De Bult, in nij wurk fan Publik Universal Frxnd (fka Richard John Jones), is in fuortsetting fan in langrinnend projekt fan de keunstner, tegearre mei Philipp Gufler, oer it ferdwinen fan queer plakken. De Bult is ynspirearre op 18e-iuwske ‘lolhuizen’, mar ek op de bar fan keunstner Cosy Pièro (1937-2023), fan wa’t wy bliid binne in oantal tekeningen sjen litte te kinnen yn de tentoanstelling.

Spesjaal ferfier Amsterdam - Beetstersweach:
Op de dei fan de iepening, sneon 28 septimber, hat SYB in bus regele dy’t fan Amsterdam nei Beetstersweach rydt en wer werom.

Ofreis Sloterdijk Piarcoplein (P+R) (neist Flixbus) Amsterdam: 13.00 oere
Oankomst Beetstersweach: +/- 14:45 oere

Ofreis Beetstersweach: 19.00 oere
Oankomst Sloterdijk Piarcoplein (P+R) Amsterdam: +/- 20.45 oere

Kosten: € 15 retoer p.p.

Bestel dyn tickets fia dizze link. - Hast problemen mei it ôfrûnjen fan dyn bestelling by it útchecken? Stean pop-ups ta yn dyn browser.

Foar fragen, nim kontakt op mei: communicatie@kunsthuissyb.nl
Foar ynfo oer de bus, belje: +31642365912